Huizenga nei Ubbink Syntec

30 aug 2007 - 13:02

Jenning Huizenga tekent in kontrakt by de Ubbink Syntec ploech. De hurdfytser(23) út Frjentsjer fytste oant no ta foar Löwik Meubelen. Mar dêr wurdt syn kontrakt net ferlingd, ûnder oare omdat hy nominearre is foar de baan by de Olympyske Spelen fan 2008 yn Peking. Löwik tinkt dat hy dêrtroch takom jier hast net ynset wurde kin by koersen op 'e dyk.

By Ubbink fytse ek de Friezen Wim Stroetinga en Folkert de Haan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)