Huizenga mei ploech achtste

27 mrt 2008 - 14:34

It is Jenning Huizenga mei de Nederlânske ploech op de achterfolging net slagge op it WK yn Manchester it poadium te heljen. De Frjentsjerter ried mei syn maten Levi Heimans, Jens Mouris en Peter Schep de achtste tiid yn de kwalifikaasje. Dat wie teloarstellend. Wol mei Nederlân op de Olympyske Spelen útkomme.

De striid om it goud giet tusken Denemarken en Grut-Brittanje, it brûns is foar Austraalje of Nij-Seelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)