Huizenga giet foar in medalje

26 mrt 2008 - 10:35
  • Jenning Huizenga fan Frjentsjer wol dizze wike in medalje helje.

Jenning Huizenga fan Frjentsjer wol dizze wike in medalje helje op it WK baanhurdfytsen yn Manchester. Hy kin him pleatse foar de Olympyske Spelen.

Woansdei docht Huizinga mei oan de yndividuele efterfolging. Einigt hy by de earste fiif, dan giet hy sa goed as wis nei Peking. Mar ek tongersdei hat hy kâns mei de ploege-efterfolging. Rûn healwei seizen komt Huizenga woansdei yn de baan yn aksje tsjin Bradley Wiggins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)