Huizenga fyfde op Mallorca

29 mrt 2007 - 16:23

Hurdfytser Jenning Huizenga fan Frjentsjer is by de wrâldkampioenskippen op de baan yn Mallorca ferrassend fyfde wurden op it ûnderdiel yndividuele achterfolging. Hy wie dêrmei de bêste Nederlanner.

De 23-jierrige Huizenga ried de fjouwer kilometer yn in nei persoanlik rekord fan 4.25.02 minuten. De oerwinning gie nei de Brit Bradly. Huizenga komt freed ek noch yn aksje op it ûnderdiel ploege-achterfolging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)