Huizenga en Stroetinga fierder

02 aug 2012 - 19:25

De Nederlânske baanhurdfytsers hawwe harren tongersdei by de Olympyske Spelen pleats foar de earste ronde fan de ploege-achterfolging. De ploech, mei ûnder oare de Friezen Jenning Huizenga en Wim Stroetinga, ried in Nederlânsk rekôr mei in tiid fan 4.03,818. Se waarden dêrmei achtste en moatte it freed opnimme tsjin Ruslân.

De hurdfytsers kinne maksimaal noch in brûnzen medalje winne. De Britske ploech ferbruts it wrâldrekôr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)