Huizen - Harkemase Boys ôflast

12 maaie 2003 - 00:00

De fuotbalwedstriid Huizen-Harkemase Boys fan tiisdei giet net troch. De wedstriid is ôflast fanwege de grutte fjochtpartij sneon, by Harkemase Boys - Quick Boys. Mooglik giet sels de hiele kompetysje om it algemiene kampioenskip fan de sneonsamateurs net troch.

Earder hie Harkemase Boys al garânsjes easke foar de de feiligens fan spilers en supporters. Der waard mei rekkene dat supporters fan Quick Boys tiisdei ek komme soenen om wer op 'e fûst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)