Huitema: jou boeren de romte om mûzepleach oan te pakken

19 jan 2015 - 12:37
  • Ek by Koufurderrige is de mûzeskea grut
  • Mûzegongen yn it lân by De Jouwer

Europarlemintariër Jan Huitema pleitet foar mear mooglikheden foar de boeren om de mûzen te bestriden. Dat sei er moandei op de mûze-aksjedei. Der moatte heechnedich ynstruminten komme om wat oan de mûzepleach te dwaan. Op dit stuit stiet wet- en regeljouwing de boeren yn it paad om de mûzen te liif te gean.

Huitema hat hjir al fragen oer steld oan de Europese Kommisje. It giet ûnder oare om de Nederlânske regel dat boeren nei 15 septimber it lân net mear freze en op 'e nij ynsiedzje meie. Huitema fynt dy regel 'fierstente rigide'.

De grutte fraach fan de dupearre boeren is fansels ek oft se skeafergoeding krije kinne. Huitema doart dêr gjin beloften oer te dwaan. Faaks dat it mooglik is om de waarsomstannichheden as de droege simmer en twa opienfolgjende sêfte winters oan te wizen as oarsaak fan de mûzepleach. Der is nammentlik wol in skeafergoedingspotsje foar kalamiteiten as gefolch fan ekstreme waarsomstannichheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)