Huistra assistint by Ajax

06 apr 2009 - 15:26

Pieter Huistra is foar de rest fan dit seizoen assistint-trainer by Ajax. Huistra nimt de taken oer fan Rob Witschge dy't ferline wike blessearre rekke. Witschge komt nei alle gedachten dit seizoen net mear werom, omdat syn foet no yn it gips sit.

Huistra rûn staazje by Ajax ûnder haadtrainer Marco van Basten. Tegearre mei John van 't Schip is Huistra no assistint-trainer. Ferline seizoen wie de Fries assistint-trainer by Vitesse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)