Hûdehannel fertocht fan fraude

11 mrt 2005 - 12:42

De direkteur fan de fallite hûdehannel Van Buren út Ljouwert soe foar miljoenen euro's fraudearre hawwe om syn saak iepen te hâlden. Hy moat him dêrfoar moandei foar de rjochtbank ferantwurdzje. Yn 2003 frege Van Buren útstel fan betelling oan. De kurator ûntduts doe de fraude. Van Buren gie mei 20 miljoen euro skuld fallyt. De direkteur kin op syn heechst 6 jier sel en 450.000 euro boete krije, sa makke it OM bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)