Hubertusmis by slipjacht

16 okt 2007 - 07:42
  • Jagers en hûnen by in slipjacht

Yn en om Sint Nyk is op 27 oktober wer de tradisjonele slipjacht. De slipjacht is in foksejacht mei hûnen en jagers op hynders. In echte foks wurdt der net by brûkt, mar in doek mei de geur fan in foks. It is foar de fjirde kear dat de slipjacht hâlden wurdt, mar dit jier giet der foar it earst ek in spesjale Sint Hubertusmis oan foarôf.

By dy mis krije de hûnen en de jagers de seine fan de pryster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)