HTO transport út Holwert wei

23 jun 2006 - 17:12

Transportbedriuw HTO út Holwert ferhuzet nei 60 jier út it doarp wei. It bedriuw giet nei Wolvegea. HTO wol mear sintraal sitte, omdat it te djoer wurdt om fanút Holwert wei te riden. Dat komt troch de hege brânstofprizen en de oprinnende leankosten.

Foar de 35 man personiel hat de ferhuzing nei Wolvegea gjin gefolgen. De lokaasje yn Holwert bliuwt bestean as opslachplak. It ûnderhâld fan de frachtauto's sil dêr ek dien wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)