HT-sloeperace stiet faai

16 jan 2013 - 15:45
  • HT race start

De HT-sloeperace wurdt dit jier mooglik net hâlden. De jierlikse roeirace tusken Harns en Skylge hat in gat yn 'e begrutting fan 15.000 euro, om't rederij Doeksen ôfheakke is as haadsponsor. Troch de konkurrinsjestriid mei de EVT hat Doeksen minder jild oer foar sponsoring. Ek in oare haadsponsor jout de helte minder.

De organisaasje sit ek mei it probleem dat dit jier gjin VIP-boat fart, sadat lytsere sponsors mooglik ek ôfheakje. Neffens de organisaasje is it dien mei de HT-race as dy dit jier net hâlden wurdt.

De HT-sloeperace stiet dit jier foar de 39e kear op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)