HT-roeirace: 'net hiel dreech'

22 maaie 2009 - 07:13

Alle 130 dielnimmende sloepen soene dit jier de einstreek fan de HT-roeirace helje moatte kinne. Dat seit Kees Jan van Beek fan de organisaasje. Hy doelt dêrmei op it waar: der stiet neffens him net tefolle wyn en de sinne is net te fel.

De earste sloep begûn om healwei njoggenen oan de tritich kilometer lange race tusken Harns en Skylge, de lêste in oere letter. Van Beek ferwachtet de earste sloep om in oere as kertier oer alven by de einstreek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)