HT-roeiers oankaam op Skylge

14 maaie 2010 - 14:51

Freed om kertier oer twaen hinne binne de earste roeiers oan de HT-race oankaam op Skylge. It giet dan om de Azorean High út Katwyk en de Jan Snoek út Delft. Dat wol net sizze dat dy sloepen de wedstryd fan Harns nei Skylge ek wûn hawwe. Dat sil pas sneon yn de middei bekend makke wurde oan de hân fan in spesjale rekkenmetoade.

Alle dielnimmers binne yn de rin fan freedtemiddei oankaam. De matige wyn soarge derfoar dat it dit jier net in hiele swiere race wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)