HP/De Tijd lilk op V.d. Wal

16 okt 2004 - 14:17

It wykblêd HP/De Tijd hat de dichter Cornelis v.d. Wal út Grins mei juridyske maatregels drige as er in stik tekst út it blêd en in bewurke ferzje fan de HP-omslach fan dizze wike net fan syn weblog ôfhellet.

V.d. Wal sette in part fan it artikel 'Bye bye Nederlands' op syn log www.cornelisvanderwal.info om syn lilkens kenber te meitsjen. Sjoernalist Hans v.d. Bergh pleitet dêryn foar in Europeeske ienheidstaal, it Ingelsk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)