Howdy Boys winne simmerhit

18 jul 2011 - 15:07
  • Howdy Boys mei ferslachjouwer Roelof Lousma

De groep Howdy Boys sjongt dit jier de simmerhit fan Omrop Fryslân. Dat is moandei bekend makke yn Noardewyn. Neffens de sjuery wie it dreech om in kar te meitsjen, mar wisten de Howdy Boys mei har nûmer 'Simmer' it simmergefoel goed ûnder wurden te bringen. Op in oprop reagearren earder dit jier hast 100 bands en artysten.

De lêste wiken mochten seis formaasjes optrede mei har simmerhit. De echte simmerhit sil de kommende tiid in soad te hearren wêze op radio en tv.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)