HOV tsjin autofrije binnenstêd

15 aug 2007 - 13:08

De Harnzer ûndernimmersferiening HOV is net bliid mei de plannen om it sintrum fan Harns yn 'e simmer in heal jier ôf te sluten fan auto's. De gemeente wol de Foarstrjitte en Grutte Bredeplaats tenei fan 15 april ôf autolij meitjse. Moarns kinne winkels noch wol befoarriede wurde, mar middeis moatte se autofrij wêze.

De HOV fynt yn heal jier te lang en freget om in koarte proefperioade. De gemeente sjocht neat yn in proef.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)