Houtsma wreidet út

09 jun 2007 - 12:38

De praktyk fan toskedokter Houtsma op de Harkema wurdt grutter. Der binne mear pasjinten bykommen en dêrtroch is der ferlet fan mear romte. Der binne no fjouwer behannelkeamers en der komme trije by. Houtsma wol dêrfoar syn hûs ombouwe en in nij hûs achter de saak delsette.

De gemeente stiet it ta, op betingst dat hûs en praktyk oan inoar keppele wurde. Houtsma hat in lytse 5000 pasjinten en 11 minsken yn de praktyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)