Houtrot oantroffen by restauraasje stedhûs Boalsert

21 sep 2015 - 11:10
  • De toer fan it Boalserter stedhûs sit al yn de steigers
  • Troch rotterij oantaaste hout yn it stedhûs fan Boalsert

It restauraasjewurk oan it stêdshûs fan Boalsert sil langer duorje as tocht. It hat te krijen mei rotterij dy't fûn is yn de balustrade fan de toer. Nei alle gedachten duorret it wurk no in wike langer. De gemeente Súdwest-Fryslân is al in pear wiken dwaande mei de restauraasje fan it stedhûs.

Nije wike begjinne ek de werstelwurksumheden oan de Snitser Wetterpoarte. Ferline jier is der al in toer fan de Wetterpoarte restaurearre. No is de oare toer oan bar. It wurk is in wike útsteld fanwege filmopnamen.

De kosten wurde rûsd op sa'n 60.000 euro foar eltse restauraasjeput.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)