Houtkonstruksjebedriuw De Mâr foar part wer oan it wurk

21 jan 2015 - 11:41
  • Houtkonstruksjebedriuw De Mar

In part fan it personiel fan houtkonstruksjebedriuw De Mâr yn Grou en Wolvegea is wer oan it wurk. It bedriuw is tiisdei fallyt ferklearre en goed 100 meiwurkers binne nei hûs stjoerd. De kuratoaren ha der foar soarge dat der yntusken wer in montaazjeploech op paad is en dat in diel fan de produksje wer begûn is. Dy lêste ôfdieling hat wol te krijen mei in tekoart oan materiaal troch de finansjele problemen fan it bedriuw. Dy binne ûntstien troch de malêze yn de bou.

De kuratoaren hawwe goede hoop dat it bedriuw in trochstart meitsje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)