Houtkap op Duerwâldsterheide

13 jan 2013 - 16:22

Kuierders yn de bosken fan de Duerwâldsterheide by Wynjewâld skrikke ynkoarten miskien wol eefkes. Der wurde de kommende tiid in hiel soad beammen kapt. Boppedat wurde de paden behoarlik ferriden om it hout út de bosk te krijen. Yn de 120 bunder grutte bosk wurde foaral de gruttere beammen kapt om jonge beammen de kâns te jaan om te groeien. Der wurdt rekkene op sawat 5500 kúb hout foar de houtferwurkjende yndustry. It giet om normaal ûnderhâld en gjin ekstra kap sa as op oare plakken.

By ekstra kap is de opbringst nedich om de besunigings op natoerbehear op te heinen. Heal april is it wurk dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)