Houtigehaachster langer fêst

22 okt 2008 - 09:47

In 40-jierrige autobestjoerder út Houtigehage dy't moandei troch de plysje oanhâlden is foar it riden mei drank op, bliuwt langer fêstsitten. De man hie 25.000 euro oan kontant jild by him en by him thús fûn de plysje 80 doazen mei swier fjoerwurk, 160 sloffen sigaretten en in himpkwekerij.

De plysje docht fierder ûndersyk nei de praktiken fan de man en salang bliuwt hy fêstsitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)