Houten hynder nei Súd-Hollân

28 aug 2009 - 11:37

In grut houten hynder ferhuzet nei it Súd-Hollânske Valkenburg. It hynder is earder brûkt foar de allegoaryske optocht yn Sint Nyk. Yn Súd-Hollân wurdt it brûkt as blikfanger foar de grutte hynstemerk dy't al mear as 1000 kear yn it plak hâlden waard.

It hynder ferhuze nei de optocht fan ferline jier nei Akkrum. Doel wie om it dêr te brûken yn in boarterstún, mar it wie dêr net feilich genôch. Op 9 septimber is it hynder foar it earst yn Valkenburg te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)