Hout stellen foar fjoer

27 sep 2009 - 14:16

In ynwenner (37) fan De Gordyk is sneon yn syn wenplak oanholden foar fernielings. De man besocht oan de Stokerij hout út de tún fan in plakgenoat (55) te heljen. Dy seach dat en spruts de man derop oan.

De 55-jierrige warskôge de plysje en naam yn ôfwachting fan har komst de 37-jierrige mei de hûs yn. Dy wie it dêr net mei iens en fernielde in part fan it ynterieur. Hy koe ûnder kontrôle brocht wurde en is dêrnei oerdroegen oan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)