Hout Fryske Marren gau fuort

01 nov 2013 - 13:29
  • De stoarm smiet in soad kachelhout op.

Gemeente De Fryske Marren hat freedtemoarn yn 5 minuten tiid 700 kúb kachelhout ferkocht. It hout kaam frij by de stoarm fan ôfrûne wike. De gemeente krige mear as 250 oanfragen foar it hout, wêrmei't de ferwachte foarried yn in omsjoch fersein wie. It ekstra hout dat no noch út opromwurksumheden komt, is ek al ferkocht. De gemeente lit witte dat se sels ek ferrast binne troch de grutte ynteresse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)