Hout fan kapte beammen rotonde De Jouwer yn de ferkeap

07 mrt 2015 - 10:55
  • Hout delhelle beammen fan rotonde De Jouwer bestimd foar de foarkeap

It hout fan de beammen dy't de ôfrûne wiken kapt binne op de rotonde by De Jouwer, is sneontemoarn ûnder grutte belangstelling ferkocht. Mei-inoar waard 70 kúb te keap oanbean. De houtblokken waarden de kúb ferkocht dus santich minsken koene hout keapje. De organisaasje fan it projekt Knooppunt Joure hie yn it foar ferskate telefoantsjes en e-mails hân mei oanfragen om hout te reservearjen, mar dat mocht net.

De beammen op de rotonde binne delhelle, om't Rykswettersteat de romte nedich hat foar de oanlis fan it nije knooppunt dêr.

It hout moat noch wol twa jier droegje foardat it yn de kachel of iepen hurd kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)