Hout fan falwyn yn de ferkeap

20 aug 2013 - 16:39
  • Omwaaide beammen

De gemeente Hearrenfean ferkeapet hout fan beammen dy't omwaaid binne by it needwaar fan 5 augustus oan de heechste bieder. Nei de falwyn fan twa wiken lyn waaiden hûnderten beammen om. Minsken dy't op it eigen hiem beammen kwytrekken hawwe al hout krigen fan de gemeente. Der is noch 40 oant 50 kúb oer dat freedtemiddei by opbod ferkocht wurdt. De gemeente hat in advertinsje op Marktplaats set, mar freed tusken healwei twaen en healwei fjouweren kin der bean wurde by de gemeentewerf.

Yn de gemeente Hearrenfean binne sawat alle diken en paden no wer tagonklik. Allinne it Bospaed yn Bontebok is noch net iepen, omdat dêr loshingjende tûken foar gefaarlike sitewaasjes soargje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)