Houseparty yn iepenloft yn Harns

25 jul 2004 - 12:56

Hûnderten dûnsleafhawwers kamen sneon ôf op it dancefeest 'Illegal Vibes Outdoor' yn Harns. It feest wie mei-organisearre troch de Harnzer Hells Angels.

Earder waard it feest altyd yn it klubhûs fan de Hells Angels yn Harns hâlden. Dit jier wie it foar it earst yn de iepenloft. De gemeente joech allinnich ûnder in pear betingsten tastimming. Sa moast it foar tolven jûns dien wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)