Houseparty yn iepenloft

21 jul 2004 - 17:00

Yn Harns is sneon 24 july it grutste house- en dancefeest yn de iepenloft fan Fryslân. Der is romte foar 5000 besikers op yndustryterrein Oostpoort. Dêr draaie 27 DJ's, wêrûnder Tom Harding út Ingelân en Lady Dana. It feest duorret fan 12.00 oant 0.00 oere.

Boargemaster Arlman ferwachtet gjin problemen, ek al is it feest foar in part binnendoar by de Hells Angels. De tolve eardere edysjes fan it feest ferrûnen allegear goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)