Houliksservizen slaan goed oan

02 nov 2009 - 17:09
  • Eksposysje lûkt 30.000 besikers

De tentoanstelling 'Scherven en geluk' yn museum Princessehof yn Ljouwert hat 30.000 besikers lutsen. De tentoanstelling gie oer houliks-servizen yn de 20e ieu. Dêr siet fan alles by, fan keninklike servizen oant servizen fan gewoane minsken.

De besikers joegen de tentoanstelling yn trochsneed in 8,6 as rapportsifer. Opfallend wie ek dat der in soad minsken wiene dy't de tentoanstelling faker as ien kear besochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)