Houlik Rembrandt neispile

29 mrt 2006 - 13:57

Yn Sint Anne sil fan it simmer it houlik fan skilder Rembrandt van Rijn mei Saskia Uylenburgh neispile wurde. Dat gebeurt fanwege it Rembrandtjier. De skilder troude 400 lyn yn de tsjerke fan Sint Anne mei Saskia. By it neispyljen fan it houlik giet it hiele sintrum fan Sint Anne werom yn de tiid.

Fierder ferskynt ein maaie in saneamde Rembrandt-rûte. De tour giet by plakken yn Fryslân del dy't op ien of oare wize te krijen hawwe mei Rembrandt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)