Houlik Rembrandt en Saskia

23 jun 2006 - 11:07

Skilder Rembrandt van Rijn is tongersdei opnij yn Sint Anne troud mei Saskia Uylenburgh. De brulloft is neispile om't it 400 jier lyn is dat Nederlânsk meast ferneamde skilder berne is.

It sintrum fan Sint Anne waard omtsjoend. De ynwenners giene werom yn de tiid mei in trûbadoer, in beul en in doarpsgek. Foar de minsken dy't net útnoege wiene, stie yn de tsjerke in grut byldskerm wêrop alles te sjen wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)