Houkesleat breder en djipper

17 aug 2010 - 20:59

De Houkesleat yn Snits wurdt sa djip makke dat der skippen fan maksimaal 110 meter lang en 11,5 meter breed trochfarre kinne. It giet om it stik oant de yndustryhavens ta. Dêrneist wurdt de rûte nei de binnenstêd sa breed makke dat grutte rekreaasjeskippen mei in djipgong fan 2.10 meter der troch kinne.

De oanpak fan de Houkesleat wurdt betelle mei jild fan ryk, provinsje en gemeente. It wurk begjint fan 't hjerst en is ein takom jier klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)