Houkepoort:amtner SWF ferfolge

03 maaie 2013 - 09:56

It Iepenbier Ministearje ferfolget in amtner fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dat hat it IM freed bekend makke. De amtner wurdt der fan fertocht in kontrakt ferfalske te hawwen foar útwreidingsplan Houkepoort yn Snits. Hy soe yn it kontrakt dat by de gemeente leit in bedrach fan 7,6 miljoen set hawwe, wylst yn it kontrakt foar de oannimmer in bedrach fan 14,1 miljoen stiet.

Wêrom't de man dat dien hat is net bekend. Hy is der sels net better fan wurden. Dat jildt ek foar de gemeente. De belutsen oannimmer wurdt net ferfolge.

Troch it net-korrekte kontrakt fiert de oannimmer no mear wurksumheden út as dêr't boargemaster en wethâlders ta besletten hawwe. It giet om ekstra opdrachten foar in bedrach fan sa'n 6,5 miljoen euro. It Iepenbier Ministearje sjocht gjin oanlieding om ek de oannimmer te ferfolgjen. De gemeente wit noch net oft de skea ferhelle op de amtner, werhelle wurde kin. Dat seit wethâlder Leo Pieter Stoel.

B. & W. fan Súdwest-Fryslân hawwe freed nochris werhelle dat de gemeente úteinlik net folle jild ferlern hat troch de hiele saak. Der is wol twa miljoen mear útjûn oan it bouryp meitsjen fan de wenwyk Houkepoort, mar dat is gjin weismiten jild, sizze boargemaster en wethalders: it is op in goeie wize yn ferbettering fan de wenwyk stutsen. Mei de ferkeap fan de wenten yn it nijbouplan giet it lykwols noch hieltyd striemin. Dat kostet de gemeente alle jierren mear as 700.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)