Hothouse Redbad yn problemen

30 des 2002 - 00:00

Hothouse Redbad, de stifting dy't yn Ljouwert regelmjittich jazzoptredens organisearret, driget yn de problemen te kommen. In subsydzje-oanfraach is ôfwiisd om't it Ryk wol dat Hothouse Redbad profesjonalisearret en mear gearwurket mei ferlykbere stiftings.

Houthouse leit him net del by de ôfwizing en hat in saakkundige ynhierd om op 'e nij in subsydzjefersyk yn te tsjinjen. De stifting hat op 't heden in rekord oan besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)