'Hotelsoarch' yn Meckema State

17 maaie 2010 - 11:36
  • De hotelsoarchkeamer fan Meckema State

Soarchsintrum Meckema State yn Kollum biedt sûnt koart 'hotelsoarch'. Der binne twa bêden beskikber foar minsken dy't koarte tiid soarch nedich hawwe. Yn seis wike tiid kinne minsken soarch, in behanneling en begelieding krije. Doel is dat se har sa gau as mooglik wer sels rêde kinne.

Der is in soad ferlet fan dit soarte fan soarch. It soarchsintrum waard geregeld benadere troch húsdokters mei de fraach oft se ek tydlik romte hiene foar pasjinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)