Hotelplan foar wettertoer Nes

23 okt 2014 - 16:18
  • De wettertoer yn Nes

Yn de wettertoer fan Nes by Akkrum moatte twa lúkse hotelkeamers komme. Dat is it plan fan projektûntwikkeler Merward Sijperda út Snits. Op dit stuit hat de karakteristike toer gjin funksje. Sijperda wol it eardere wetterreservoir ferbouwe ta twa hotelkeamers.

It is net foar it earst dat der praat wurdt oer werbestimming fan de toer. Al yn 2007 besocht Sijperda syn hotelplannen fan de grûn te krijen. De ynwenners fan Akkrum en Nes stiene lykwols net te springen om in hotel yn de toer, om't se har soargen makken oer har eigen privacy.

As alles trochgiet moatte fan takom jier ôf de earste gasten yn de toer ferbliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)