Hotelmanagement yn Súd-Afrika

04 sep 2001 - 00:00

De CHN, kristlike hegeskoalle yn Ljouwert, sil 1 jannewaris 2002 in oplieding heger hotelmanagement iepenje yn Súd-Afrika. De skoalle sil gearwurkje mei in hotelketen.

De nije CHN University sil útein sette mei 50 studinten, mar ferwachtet oer trije jier sa'n 200 learlingen te hawwen. It toerisme is yn Súd-Afrika in hurd groeiende en kânsrike sektor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)