Hotelgast op de flecht

05 aug 2011 - 10:18

Yn Harns is tongersdei in man fan 42 jier út Stedskanaal oanhâlden. Hy hie de rekken fan in hotel net betelle. De man moast in pear hûndert euro betelje, mar yn stee dêrfan naaide er út.

De eigner fan it hotel koe de gast achterhelje en belle de plysje. De fertochte sei dat er de rekken pas nei it wykein betelje soe. Hy hat ekskús oanbean oan 'e hoteleigner. Nei it wykein wurdt besjoen oft de man ek echt betelle hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)