Hotelgast oerbrocht nei sel

28 jun 2013 - 09:51

In 69-jierrige ynwenner fan it Ingelske Leeds is tongersdeitenacht oanhâlden yn it Hajé hotel op It Hearrenfean. De man hie ûnder ynfloed fan alkohol ferskate saken fernield. Hy makke dêrby safolle leven dat oare hotelgasten der wekker fan waarden.

It personiel fan it hotel warskôge de plysje. Dy hat him meinommen en opsletten op it plysjeburo fan Drachten om wer nuchter te wurden. De man hat foar inkele hûnderten euro's skea oanrjochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)