'Hoteleigners krije it dreech'

20 jul 2009 - 20:01

Guon Fryske hotels driigje swier yn de problemen te kommen troch de finansjele krisis. Der wurdt dit jier folle minder jild útjûn oan de fakânsje en dêrtroch kieze toeristen earder foar de kamping of in fakânsje op it wetter. De Fryske tak fan toerisme groeit noch altyd, mar by de hotels moat rekken hâlde wurde mei flink minder klanten.

Der is nei jierren fan grutte groei yn it Fryske toerisme foar it earst gjin winst boekt, mar ek gjin krimp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)