Hotel Zandt aan Zee wer iepen

18 jul 2014 - 13:50
  • Gastekeamer fan 'Zandt aan Zee' op Skiermûntseach

It gasteferbliuw fan strânhotel Zandt aan Zee op Skiermûntseach mei wer iepen. Earder moasten de keamers ticht fan de gemeente Skiermûntseach. Dy fûn de brânfeiligens net yn oarder. Petearen mei de eigner en it oplizzen fan twangsommen smieten neat op.

Eigner André Zandt hat in nije brânmeldynstallaasje oanlein, mar is it noch altyd net iens mei de argumintaasje fan de gemeente en de brânwacht. Hy freget de Raad van State om in oardiel yn dit skeel. As Zandt wint, dan oerwaget er in skea-claim tsjin de gemeente.

Einger Zandt seit 75.000 euro oan omset ferlern te hawwen. Dêrnjonken koste de oanlis fan de brânmeldynstallaasje plus de juridyske kosten ek goed 30.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)