Hotel yn wettertoer Boalsert

16 jul 2009 - 13:59
  • De wettertoer yn Boalsert

De wettertoer fan Boalsert wurdt omboud ta lúks hotel. It giet om plannen fan Fries Trading. Dat is in fêstgoedbedriuw út Snits dat ek eigner is fan de wettertoer yn Nes by Akkrum. It bedriuw wol yn de wettertoer keamers bouwe litte. Yn 'e neistlizzende wetterkelder komt in restaurant.

It bedriuw is de ôfrûne dagen eigner wurden fan de toer neidat wetterbedriuw Vitens him yn 'e ferkeap dien hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)