Hotel yn Snitser skoalgebou

22 jan 2004 - 00:00

In hotel yn in earder skoalgebou. Dat sil yn Snits realisearre wurde. It âlde gebou fan it Magister Alvinus sil omtsjoene wurde yn in 4-stjerrehotel. De inisjatyfnimmers foar it plan binne Nanne Rodenhuis fan Ljouwert en Frits Reen fan Toppenhuzen.

Se stekke 2,5 miljoen euro yn it projekt. Yn de âlde skoalle komme 34 hotelkeamers yn jierren '60-styl, in Ierske pub en in snookersintrum. Begjin takom jier moat it klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)