Hotel vd Berg ekstra befeilige

07 maaie 2002 - 00:00

Hotel Van den Berg-state yn Ljouwert dêr't Pim Fortuyn moandeitejûn hinne soe, wie yn opdracht fan syn partijtop ekstra befeilige. De lieding fan it hotel krige snein de opdracht om twa befeiligingsminsken yn te hieren. Ek wie it hotel sletten foar oare gasten.

Eigner Van den Berg woe net sizze oft de ekstra maatregels te krijen hiene mei mooglike bedrigingen fan Fortuyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)