Hotel Ozinga yn de steigers

22 maaie 2007 - 20:44

Noch dizze wike komt Hotel Ozinga yn Snits yn de steigers te stean. Nei lang praten is in ein kommen oan it getoulûk oer wa't de eigner is fan it hotel en de gebouwen dêromhinne.

It hotel fan de ferneamde Moeke Jikke is slim fertutearze. Earder dit jier stiene ferskate ûndernimmers foar de rjochter mei claims op it gebou. No't dy fan tafel binne kin de ûntwikkeling fan in nij hotel mei dêrby lúkse wenten en in winkel begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)