Hotel oan Langwarder Wielen

26 sep 2008 - 07:42

Der komt in hotelakkommodaasje oan de Langwarderwielen by de A7 tusken Snits en De Jouwer. Yn it plan is romte foar njoggentich keamers, 75 apparteminten, romtes foar gearkomsten en tal fan fasiliteiten op it mêd fan sport en sûnens.

It hotel is bedoeld foar sakelju en gasten mei in wat gruttere beurs. Se kinne mei de auto komme oft mei de boat. Foar dat lêste komt der ek in haven by it hotel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)