Hotel Goutum fangt reizgers op

18 jan 2007 - 22:29

Op it Ljouwerter stasjon bleaune tongersdei tsientallen treinreizgers achter, dy't net mear fuortkomme koene. Neffens in wurdfierder fan de gemeente koe hast eltsenien sels in sliepplak fine yn de Fryske haadstêd.

Twa reizgers dy't gjin sliepplak hiene waarden oerbrocht nei in hotel yn Goutum. De hoteleigner hie de gemeente fergees ûnderdak oanbean foar reizgers dy't net fuortkomme koene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)