Hotdogkream moat nachts fuort

01 jul 2009 - 11:26

De hotdogkream op de Leeuwenburch yn Snits moat jûns fuorthelle wurde. Dat hat de Ried fan Steat besletten. De gemeente Snits wol net dat de kream dei en nacht yn de stêd stiet. Balstjurrige jeugd of oaren soene de kream dan wolris de grêft ynsmite kinne. De hotdog- en Flaamske patatferkeaper is it der net mei iens.

Hy tekene berop oan omdat in oaljekoekekream yn it sintrum wol stean bliuwe mei. De Ried fan Steat fûn dat gjin sterk argumint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)