Hospitium Blijenhof fierste lyts

04 maaie 2004 - 00:00

Hospitium Blijenhof yn Burgum moat hieltyd faker minsken wegerje dy't help freegje by de krisisopfang foar dak- en thúsleazen. Yn 2003 fong de Blijenhof 237 persoanen op, mar wegere mear as tûzen minsken.

Grutste probleem is de kapasiteit fan it hospitium. Der binne mar 34 bêden. It duorret trochstrings acht wiken foardat wer in plak frijkomt. Dat stiet yn it jierferslach oer 2003. Blijenhof hopet op Ryksjild foar útwreiding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)